Plysjekontrôle op de Weaze

De plysje hat tongersdei trije minsken oppakt en njoggen bekeurings útskreaun by in grutte kontrôle op de Weaze yn Ljouwert. De fertochten binne oanhâlden yn ferbân mei drugshannel. Plysjeminsken hawwe fyftjin boltsjes harddrugs yn beslach naam. De bekeurings wiene ûnder oaren foar it oertreden fan it messeferbod en wyldpisjen.
De plysje hat de aksje hâlden nei klachten fan ûndernimmers en omwenjenden oer oerlêst fan drugshannelers en hingjongeren. Der wurde noch mear aksjes hâlden.