Ljipaai lottere en goedkard
It earste ljipaai fan Fryslân is freedtemoarn om njoggen oere lottere en offisjeel goedkard. It lotterjen barde op it provinsjehûs troch kommissaris fan de Kening Jorritsma.
It ljipaai waard tongersdeitemoarn fûn op it stik maislân by Slikenboarch by Wolvegea. It waard fûn troch Geert Mooi út Nijetrine. Mooi krijt in oarkonde, in sulveren ljip en 15 euro finerslean.