Frijwilligers hâlde Spar iepen

Frijwilligers yn Nij Beets soargje der foar dat de pleatslike supermerk freed iepen bliuwt wylst filiaalmanager Aize Tolsma yn Gouda trout. In tsjiental frijwilligers draait in ferskaat oan tsjinsten wylst hast al it personiel der ien op nimt yn Gouda op it troufeest.
It doarp wol net in dei sûnder supermerk, want dêrfoar is de winkel te wichtich. Tolsma wist earst net wat him oerkaam en moast der eefkes oer neitinke. Mar al gau fûn hy it in prachtich plan. De frijwilligers hawwe les krigen om der foar te soargjen dat alles goed ferrint.