Unike gearwurking Hearrenfean

06 mrt 2014 - 17:39

Bern út minimagesinnen kinne yn de gemeente Hearrenfean mei finansjele help fan ferskate fûnsen meidwaan oan sosjale aktiviteiten dy't se oars net betelje kinne. De gemeente giet in gearwurking oan mei it Jeugdkultuerfûns Fryslân, it Jeugdsportfûns Fryslân en stichting Leergeld Hearrenfean. Ek ûndernimmers en partikulieren op It Hearrenfean kinne dit inisjatyf stypje.

De gemeente Hearrenfean is dêrmei de earste gemeente yn Nederlân dy't fûnsen, middenstân en bedriuwslibben bynt om minimagesinnen finansjeel te stypjen.

De Rabobank Foundation stipet it inisjatyf mei in sjek fan 10.000 euro foar it Jeugdkultuerfûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)