Maskere oerfal yn Menaam

Man mei wapen © Omrop Fryslân
In 52-jierrige frou út Menaam en har 21-jierrige soan binne woansdeitejûn yn harren wenning oan De Stapel oerfallen troch in man mei in wapen. De man kaam mei in masker op en in wapen it hûs yn en bedrige de bewenners. Neidat er jild fûn hie, naaide er út. By de oerfal rekke gjinien ferwûne.
De plysje is op syk nei tsjûgen, dy't tusken tsien oere en kertier foar alven woansdeitejûn wat sjoen hawwe. De oerfaller hie in wyt karnavalsmasker op en in donkerblauwe jas en blauwe spikerbroek oan.
De man hat donker hier en spruts neffens de slachtoffers mei in bûtenlânsk aksint.