De Groot krijt freed útslach

De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit makket freed foar tolve oere bekend oft biologysk boer Thom de Groot fan Goattum syn achttjin kij weomkriget. It bûthús waard tongersdei troch twa ynspekteurs en in bistedokter ynspektearre.
Begjin febrewaris naam de NVWA de kij fan De Groot mei, om't se der min oan ta wêze soene. Neffens de bistedokter soe der lykwols neat mei de bisten oan de hân wêze. As de ynspeksje goed giet, de kij sûn ferklearre binne en De Groot in bedrach fan goed 12.000 euro betelle hat, krijt de boer syn fee werom.
De ynspeksje fan tongersdei moat beoardiele wurde troch de Rijkdienst voor Ondernemend Nederland (RVO).