Haadsponsor KNKB heakket ôf

It keatsbûn KNKB sit sûnder haadsponsor. Noch foar it fjouwerjierrige kontrakt tekene wie, heakke de nije haadsponsor FB Oranjewoud al wer ôf. De nije jildsjitter hie syn nocht fan it protest fan in groepke keatsers. Dy binne tsjin eksklusiviteit fan de haadsponsornamme op it wedstriidshirt.
De keatsers wolle op dat shirt ek romte foar de eigen sponsors en lieten geregeld by sawol de KNKB as by FB Oranjewoud witte it net iens te wêzen mei it nije sponsorkontrakt. FB Oranjewoud heakke doe ôf.
KNKB-foarsitter Sipke Saakstra tinkt dat der goede ôfspraken makke binne mei de nije haadsponsor en lit de saak juridysk ûndersykje. Saakstra slút in gong nei de rjochter net út.
Keatser Daniël Iseger fynt net dat de keatsers de swarte Pyt krije meie foar it ôfheakjen fan de nije haadsponsor. Iseger neamt it spitich dat de keatssport it jild no misrint.