Seemyn flakby simmerhúske

06 mrt 2014 - 11:20

By graafwurksumheden by in simmerhúske op Flylân is tongersdei in seemyn fûn. It soe gean om in Britske myn út de Twadde Wrâldoarloch. Meiwurkers fan de EOD wiene nei it eilân ôfreizge om te sjen oft der noch spinglading yn it eksplosyf siet. Al frij gau die bliken dat de seemyn leech wie en gjin gefaar foarme.

Trefwurden: 
Flylân seemyn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)