Noch gjin finaleplak Flyers

05 mrt 2014 - 23:51

De UNIS Flyers binne der woansdei net yn slagge om de finale fan de play-offs te heljen. Op Thialf waard fia de perioadestannen 1-1, 1-3 en 0-0 mei 4-2 ferlern fan HYS Den Haach. Yn de bêste fan sân searje steane de Feansters noch altyd mei 3-1 foar. De ploech fan trainer Chris Eimers koe benammen de earste beide perioaden net bringe wat de eardere trije wedstriden wol slagge. Kommende snein is it fiifde duel tsjin Den Haach. Ek dan spylje de Flyers thús, om't yn Den Haach it iis beset is troch keunstriders. By winst is de finale dan wol wis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)