Lokale ferkiezings sels bepale

05 mrt 2014 - 22:24

Gemeenten en provinsjes moatte sels bepale kinne wannear't der ferkiezings komme. Gemeenteriedsferkiezings gean dan wer gewoan oer de gemeentlike tema's en wurde net kaapt troch lanlike politisy. Dat sei âld-steatssiktaris en CDA-prominint Joop Atsma woansdei by de Magister Alvinus lêzing yn Snits. Hy spruts dêr oer de lokale demokrasy en hoe't je minsken dêr wer foar ynteressearje kinne.

Atsma fynt dat as bygelyks in wethâlder opstappe moat om't der in krisis is yn in gemeentebestjoer, de ried nije ferkiezings útskriuwe moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)