Sven sportman, Ireen sportfrou

Sportklup Cambuur is keazen ta sportploech fan it jier by it jierliks Frysk Sportgala. Cambuur krige úteinlik mear stimmen as de efterfolgingsploech fan de manljusreedriders. Ireen Wüst waard sportfrou fan it jier, Sven Kramer sportman en Douwe Amels it sporttalint fan it jier. Skûtsjeskipper Douwe Visser wie neffens it Fryske publyk en de faksjuery de bêste yn de kategory Fryske sporten. Alyda Norbruis krige de earste priis yn de kategory sporters mei in beheining. Der wie ek noch in oeuvrepriis foar âld-follyballer Richard Schuil.