De Groot klear foar kontrôle

05 mrt 2014 - 17:31

Biologysk boer Thom de Groot fan Goattum hat de rom 12.000 euro klearlizzen dy't nedich is om syn fee werom te krijen. Fan ferskate minsken krige hy help oanbean.

Begjin febrewaris waarden de kij fan De Groot troch de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit fuorthelle, om't de bisten der min oan ta wêze soene. Neffens in feedokter soe der lykwols neat mei de bisten oan de hân wêze.

De Groot seit dat it bûthús skjin is en dat it fee wer thúskomme kin. Tongersdei is der earst noch kontrôle en dan wurdt dúdlik oft de bisten werom kinne nei de pleats yn Goattum.

Trefwurden: 
kij Thom de Groot NVWA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)