Koart pleit oer Thialf live

Omrop Fryslân sil tongersdei it koart pleit dat trije bouwers oanspanne oer de nijbou fan iisstadion Thialf rjochtstreeks útstjoere op de ynternetstream omroplive.nl. De rjochtsaak begjint om 10 oere yn de rjochtbank fan Ljouwert. De ferwachting is dat it oant jûns let duorje sil.
De direksje fan Thialf hie beswier yntsjinne tsjin de yntegrale ynternetútstjoering, mar dat hat de rjochter ôfwiisd.
Yn it koart pleit fan tongersdei meitsje de bouwers Dijkstra/Draisma-Jorritsma, Friso en Van Wijnen en VolkerWessels beswier tsjin de foarnommen gunning fan de Thialfnijbou oan Ballast Nedam. De partijen binne it net iens mei de beoardieling en motivearring dy't de beoardielingskommisje fan Thialf jûn hat.
De rjochtsaak is te folgjen fia: www.omroplive.nl.