Aris en Leiden yn lykwicht

It earste duel yn de heale finale fan it bekertoernoai tusken Aris en Leiden is yn in lykspul einige. Aris begûn goed oan de wedstriid, mar seach dat Leiden stadichoan hieltyd mear útrûn. Troch in goeie einfaze kamen de Ljouwerter baksetballers werom. Nathan Healy skoarde koart foar tiid trije frije worpen, wêrtroch it 78-78 waard.
Woansdei 12 maart spylje beide ploegen yn Leiden de beslissende wedstriid, dy't dus echt wêr mei 0-0 begjint.