Skipsbel werom op provinsjehûs

04 mrt 2014 - 21:08

It provinsjehûs yn Ljouwert hat sûnt tiisdei wer in skipsbel. Dêrmei wurdt it begjin fan in fergadering melden. Dat is tradysje sûnt de jierren tachtich. De bel komt fan de HMS Tjerk Hiddes.

It provinsjehûs hat in jier sûnder bel sitten. De foarige bel kaam fan de HMS Friesland. Doe't der in nije ZMS Friesland kaam, is de bel werom brocht nei dit skip.

(advertinsje)
(advertinsje)