Utrecht-Cambuur dochs jûns

04 mrt 2014 - 18:58

Fiif kompetysjewedstriden, wêrûnder FC Utrecht-SC Cambuur, meie op 2 april dochs jûns om 18.45 oere spile wurde. De wedstriden binne ferskood yn ferbân mei de atoomtop yn Den Haach op 24 en 25 maart. Earder moasten dizze fuotbalwedstriden middeis om 15.45 oere spile wurde.

Jûns mocht net fan de UEFA om't der dan ek Europeesk fuotbal is. De KNVB hat de UEFA frege om in útsûndering te meitsjen. Dat docht de UEFA no.

Trefwurden: 
fuotbal KNVB SC Cambuur UEFA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)