'3 jier gjin fiskerij Iselmar'

Trije jier lang hielendal gjin beropsfiskerij op de Iselmar en dêrnei allinnich noch mar op lytse skaal. Dat binne de oanbefellings fan in spesjale kommisje oer de takomst fan it Iselmarfiskjen. As de oanbefellings oernaam wurde, is de kâns grut dat de beropsfiskerij op de Iselmar ferdwine sil. It advys jild foar skobfisk, dus net foar iel.
It giet al jierrenlang min mei de fiskstân yn de Iselmar. Sûnder maatregels bliuwt der yn de nije takomst gjin fisk mear oer. De fiskers binne bot teloarsteld oer dit advys.