Sel foar ferkrêfter famke

04 mrt 2014 - 16:38

De man dy't yn 2001 syn 11-jierrige styfdochter ferkrêfte hat, moat fiif jier de sel yn. Dat hat de rjochtbank tiisdei besletten. De straf is gelyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje.

De man hat syn styfdochter oardel jier lang misbrûkt. It famke fan De Westereen rekke yn ferwachting en befoel yn 2002 fan in poppe. De man flechte dêrnei nei Tailân en waard ein ferline jier oanholden. DNA-ûndersyk hat útwiisd dat de man yndie de heit is fan de poppe.

Trefwurden: 
famke selstraf ferkrêfting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)