Bakkefean krijt transfearium

04 mrt 2014 - 16:10

Bakkefean krijt in transfearium. De provinsje en de gemeente Opsterlân lizze beide 1 miljoen euro op it kleed om de yngong fan rekreaasjegebiet Dúndelle en de Bakkefeanster dunen oan de eastkant fan it doarp oantrekliker te meitsjen. Wethâlder Piet van Dyk fan Opsterlân hopet dat troch de ynvestearrings it doarp Bakkefean en swimbad Dúndelle mear besikers lûke sille.

De gemeente wol mei faasje oan de slach mei it saneamde Dúnsânprojekt. Fuortendaliks nei de simmerfakânsje moat de skeppe de grûn yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)