Gers te heech foar ljip

04 mrt 2014 - 15:11

Troch de waarme winter stiet it gers op it gewoane boerelân suver al te heech foar de ljippen. Dy hâlde fan koart gers en dan noch it leafst mei wat keale plakken troch in hege wetterstân, seit Tjerk Kunst fan It Fryske Gea. Hy beheart mei in tal boeren de Warkumer Waard dêr't seker op de grûn dy't de natuerorganisaasje sels beheart, de betingsten ideaal binne foar de ljip.

Der binne al in soad ljippen en dy binne op it stuit ek al aardich warber. Kunst ferwachtet oer in wike it earste ljipaai.

Wat ek opfalt, is dat der wol kloften wilsters yn de polder sitte dy't hjirwei trochlûke nei Skandinavië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)