Rjochtswinkel foar bern

04 mrt 2014 - 14:59

De berne- en jongereinjochtswinkel yn Grins siket mear bekendheid yn Fryslân. Jongeren kinne by de rjochtswinkel te plak foar juridysk advys op allehanne mêd. Se wurde holpen troch foaral studinten yn de rjochten, dy't sa praktykûnderfining opdogge. Folwoeksenen mei fragen op it mêd fan jeugdrjocht kinne der ek te plak.

De rjochtswinkel helpt no foaral jongeren út Grinslân, mar wol it wurkterrein útwreidzje. Der is alle wiken sprekoere op moandei-, woansdei- en tongersdeitemiddei tusken 15.00 en 17.00 oere.

Mear ynformaasje op noord.kjrw.nl

Trefwurden: 
bernerjochtswinkel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)