Katten ferdronken yn Snits

04 mrt 2014 - 14:21

Yn Snits binne de lêste tiid tsien deade katten út de feart oan de Apollovlinder helle. De bistjes binne ferdronken. Buertbewenners tinke dat der in kattehater aktyf is. Ien bewenner is al fjouwer katten kwyt.

Katten yn 'e buert wurde no binnendoar hâlden út benaudens dat dy bisten ek ferdronken wurde. De bewenners roppe elk op om goed wach te wêzen. Se hawwe noch gjin idee wa't achter de kattemishanneling sit.

Trefwurden: 
Snits kat kattehater
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)