De Groot moat betelje foar fee

It is noch ûnwis oft biologysk boer Thom de Groot syn fee werom krijt. Hy moat earst 12.500 euro betelje. As De Groot foar freed net taseit it bedrach te beteljen, giet it fee nei de slacht. Boppedat moat de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit de stâl earst goedkarre.
De rjochter fynt dat de NVWA him wat soepeler opstelle moat by de keuring fan it fee. De rjochter wol op dy wize de partijen tichterby elkoar bringe.
Tiisdeitemoarn wie de rjochtsaak tusken de biologysk boer út Goattum by Grou en de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit. Begjin febrewaris binne De Groot syn kij fuorthelle, omdat se der min oan ta wêze soene. In oare feedokter oardielde lykwols dat der mei de bisten neat mis wie.