Roeken ferjeie mei knalpistoal

Roeken © Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert begjint woansdei mei it ferjeien fan roeken. Dat wurdt dien mei spesjale knalpistoalen. De roeken wurde ferjage op fjouwer plakken yn de stêd. It giet dan om de Ahornstrjitte, de Beuken- en Kastanjestrjitte, de Skieringerwei en de Giek- en Vletstrjitte. Bewenners fan dy strjitte kleie oer oerlêst troch de roeken.
As de fûgels nei it ferjeien op oare plakken yn Ljouwert delstrike en dêr foar oerlêst soargje, dan sil de gemeente mooglik op dy plakken ek optrede.