Twa kear besykjen ta ynbraak

04 mrt 2014 - 10:55

Yn in wenning yn Ljouwert is besocht yn te brekken. De bewenner yn de wyk Valeriuskwartier waard wekker fan de doarbel en in knal. Nei alle gedachten hawwe de ynbrekkers besocht de foardoar iepen te brekken. Op it momint dat se de bewenner seagen, naaiden se út.

Op De Jouwer waarden minsken ek wekker fan leven yn it hûs. Ien fan de bewenners gie op ûndersyk út. De ynbrekker naaide út op in fyts fan ien fan de bewenners. De plysje hat noch in hûn ynset, mar dat hat neat opsmiten. Yn beide gefallen hat de plysje gjin dieders oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)