Selstraf foar Frjentsjerter

Rjochtbank Grins © ANP
In 37-jierrige ynwenner fan Frjentsjer is moandei troch de rjochtbank yn Grins feroardiele ta in selstraf fan fyftjin moannen wêrfan tolve ûnder betingst foar it yn besit hawwen fan drugs. Hy waard in july pakt troch de plysje nei in tip oer in drugsboat yn it Reitdiep yn Grins. By de ynfal smiet de Frjentsjerter in koffer yn it wetter. Dêryn sieten drugs lykas XTC en heroïne. Yn it skip sels waarden ek drugs fûn.
De eigener fan de boat, in 30-jierrige Grinzer, krige in selstraf ûnder betingst.
Neffens de Grinzer is hy gjin hanneler en wiene de drugs foar eigen gebrûk.