Winst lokalen troch Den Haach

03 mrt 2014 - 17:40

De populariteit fan de lokale partijen komt fral troch de besunigings yn Den Haach. Dat tinkt alteast Opsterlands Belang. Dit wykein waard bekend dat by de kommende gemeenteriedsferkiezings hast 40 prosint fan de partijen lokaal binne.

Opsterlands Belang docht al 44 jier mei yn de polityk, de lêste tolve jier ek yn it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Njonken de FNP en trije lokalen dogge yn Opsterlân fiif lanlike partijen mei oan de ferkiezings op 19 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)