Aldste boat no te besjen

03 mrt 2014 - 16:32

It âldste boatsje fan Fryslân is fan moandei ôf te sjen yn it Frysk Skipfeartsmuseum yn Snits. It skipke is yn 2005 fûn by Turns. It is hast 840 jier âld.

De Rykstsjinst Kultureel Erfguod yn Lelystêd hat de pream de ôfrûne jierren konservearre. Dat duorre lykwols wat langer as tocht. De útstalling 'It âldste skip fan Fryslân' moast it dêrom in skoft dwaan sûnder 'de haadrolspiler'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)