Krokodilkeunstwurk op Skylge

Nij keunstwurk op Skylge © Gerrit van Goor
Skylge is in keunstwurk riker. Ien fan de omwaaide beammen by it marke de Doodemanskisten is troch de Flylanner boskwachter Pieter Schaper bewurke mei in kettingseage en in beitel. Hy hat der yn twa-en-in-heale dei in krokodil mei in slang yn 'e bek fan makke.
It nije keunstwurk stiet by de bankjes by de mar. It is eins al 90 jier âld, want sa lang lyn binne de dinnebeammen plante.