'Krimkrisis min foar eksport'

De eksport fan de agraryske sektor nei Ruslân komt ûnder druk te stean, as de krisis op de Krim oanhâldt. Dat seit Pieter Talsma fan Hilaard. Talsma komt as eksportmanager fan stâlynrjochter JOZ faak yn Ruslân. Hy komt ek geregeld yn de Oekraïne, omdat syn frou dêrwei komt. Troch de krisis stiet de koers fan de roebel ûnder druk en kin Ruslân minder lânbouprodukten yn West-Europa keapje.
De Krim leit yn de Oekraïne, mar wurdt yn haadsaak troch Russen bewenne.
It skiereilân is it middelpunt fan striid tusken Moskou en it nije regear fan de Oekraïne. Moskou driget militêren te stjoeren nei de Krim. Westerske lieders hawwe it ôfrûne wykein drige mei sanksjes tsjin Ruslân. De Oerkraïners yn Fryslân. foar it grutste part froulju mei in Fryske partner, folgje de ûntwikklings yn harren heitelân op de foet. Sy binne ûngerêst en lulk oer it optreden fan Ruslân.