'Ynterieur terjochte sloopt'

It slopen fan keukens, húskes en oar guod yn de sloophuzen yn Surhústerfean is in standert maatregel by huzen dy't op de nominaasje stean om delhelle te wurden. Dat seit direkteur Riekele Heida fan stifting Woningbouw Achtkarspelen. De huzen oan de Langeleane en de Mûnewei stean ek wol bekend as de 'beverhokken'.
De wenningboustichting wol de wenten derwei hawwe en liet alfêst it ynterieur slope fan seis leechsteande. De pare bewenners stjoerden de minsken fan de wenningboustifting freed fuort. Sy binne it net iens mei de sloop.
De 'beverhokken' binne achttjin húskes. Tolve dêrfan binne no noch bewenne, de oare seis stean leech. Neffens Heida hawwe syn meiwurkers lykwols neat ferkeard dien. De protesten fan de bewenners feroarje ek neat oan it belied. It fuortbrekken fan it ynterieur is bedoeld om de wenten ûnbewenber te meitsjen.
Yn tolve fan de achttjin huzen wenje noch minsken.