'Eilanner moat foarrang hâlde'

03 mrt 2014 - 12:19

Huzen op de Waadeilannen moatte net allegearre ferkocht wurde oan toeristen. Dat fynt VVD Twadde Keamerlid Aukje de Vries. Sy tsjinnet moandei by de behanneling fan de húsfestingswet yn de Keamer in amendemint yn. De Vries fernaam by wurkbesites oan de eilannen dat in soad minsken harren soargen meitsje oer de krapte op de huzemerk foar de bewenners sels.

Waadeilannen meie no by in bepaalde huzepriis de foarkar jaan oan keapers dy't ekonomysk bûn binne oan it eilân. Dy regel driget ôfskaft te wurden. De Vries fynt dat gjin goede saak.

De Vries wol de mooglikheid behâlde dat minsken dy't bûn binne oan in eilân dêr ek foarrang krije wat keaphuzen oanbelanget. Sy kinne net maklik nei in buorgemeente ferhúzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)