Lemster wol fiskersark stelle

03 mrt 2014 - 11:32

In 25-jierrige man fan De Lemmer is sneintemiddei troch de plysje oanhâlden, om't er fiskersark stellen hie út in hok by in wente oan de Hollandiastrjitte yn Skarsterbrêge. De bewenner trappearre de dief en warskôge de plysje. De man naaide út op in swarte mountainbike dy't er eefkes dêrfoar stellen hie.

De plysje koe de man oanhâlde op de Rienstrjitte. Doe die bliken dat er ek noch trije fleskes GHB en speed by him hie. De Lemster sit noch fêst op it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)