Brântsje yn ferpleechhûs

03 mrt 2014 - 10:09

In brân yn ien fan de bewennerskeamers yn ferpleechhûs De Waadwente yn Dokkum soarge sneintemoarn foar ûnrêst. Troch noch ûnbekende oarsaak bruts dêr brân út. De bewenner wie op dat stuit net yn de keamer. Meiwurkers koene de brân gau útmeitsje.

Ien fan de meiwurkers aseme reek yn. De persoan koe nei kontrôle yn it sikehûs wer nei hûs ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)