'Lean top Enexis net omheech'

Enexis © ANP
De noardlike gemeentlike oandielhâlders fan netwurkbehearder Enexis wolle net dat de ynkommens fan de top fan it bedriuw boppe de lanlik jildende noarm útkomme. De ried fan kommissarissen fan Enexis hat by minister Ronald Plasterk om in útsûnderingsposysje frege foar de noarm fan regionale netwurkbedriuwen.
De noardlike gemeentlike oandielhâlders karre it fersyk ôf en freegje oare oandielhâlders ek stelling te nimmen tsjin it foarstel. Gemeente Ljouwert en Súdwest-Fryslân binne ûnder oare oandielhâlder.
Enexis wol it salarisplafond foar de topynkommens ferheegje oant 200 persint fan de Balkenendenoarm. De noardlike oandielhâlders binne feriene yn it VEGANN. Wethâlder Offinga fan Súdwest-Fryslân sit foar Fryslân yn it VEGANN. Neffens him kin de foarstelde ferheging fan de noarm der perfoarst net op troch yn in tiid dat in soad minsken suniger oan dwaan moatte. Om dy reden ferset it VEGANN him mei klam tsjin it idee. Offinga hopet dat oare oandielhâlders fan Enexis him byfalle sille.