UNIS Flyers hast finalist

© Nicolien Sijtsema
De iishockeyers fan de UNIS Flyers stekke yn in bêste play-off foarm. Ek de tredde wedstriid tsjin HYS Den Haach waard wûn. Nei de 4-3 winst fan freedtejûn yn de útwedstriid en de 8-6 thúsoerwinning op sneon, waard it sneintejûn yn Den Haach 7-3 foar de Flyers. De earste perioade wie mei 4-2 foar de Flyers. De twadde perioade smiet in protte strafminuten op en twa goals foar de Flyers. Yn de lêste 20 minuten skoarden beide ploegen ien kear.
As de Flyers woansdei op it eigen iis de fjirde wedstriid fan De Haach wint is de ploech fan trainer-coach Chris Eimers finalist.