Koen nimt titel oer fan Sven

02 mrt 2014 - 17:51

Koen Verweij hat snein syn earste NK allround titel op 'e namme skreaun yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam. Verweij ried yn de ôfslutende 10 kilometer in tiid fan 14.03.72. Dat wie goed foar in twadde plak op de 10.000 meter.

Yn de slotrit kaam Verweij's foarsprong fan 44,78 sekonden op de nûmer twa Renz Rotteveel net yn gefaar. Rotteveel ried yn in rjochtstreeks duel in tiid fan 14.10.04 en waard dêrmei tredde op de 10 kilometer. It keningsnûmer waard wûn troch Arjen van der Kieft yn in tiid fan 13.57.67.

Koen Verweij nimt de nasjonale allround-titel oer fan syn teamgenoat Sven Kramer, dy't sneon diskwalifisearje waard fanwege in kick-finish op de 5000 meter. It sulver yn it einklassemint wie foar Renz Rotteveel. It brûns gong nei Wouter Olde Heuvel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)