Tsjits Peanstra stoarn
De Fryske dichteresse Tsjits Peanstra is freed stoarn. Dat is snein bekend wurden. Peanstra dichte yn har begjinjierren foaral oer it heitelân en oer buorkjen. Letter ferskode dat mear nei leafdespoëzy. Se skreau ek ferhalen en toanielstikken.
Peanstra debutearre yn 1955. Se wûn fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis. Tsjits Peanstra is 89 jier wurden.