Huzen op 'e Gordyk ûntromme

02 mrt 2014 - 09:47

Op 'e Gordyk moasten sneontejûn acht wenten oan de Compagnonsstrjitte ûntromme wurde nei klachten oer frjemde luchten. Minsken yn de buert klagen oer pineholle troch de lucht. Dêrop gie de brânwacht oer ta ûntromming. Yn de wenten waarden mjittings dien, mar der is gjin lekkaazje fûn.

De plysje hat de strjitte ôfsletten en der waard ek in tal ambulânses klearhâlden. Nei oardeloere mochten de bewenners wer nei hûs ta. De bewenners is frege de huzen goed te fentilearjen.

Trefwurden: 
ûntromming frjemde lucht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)