Stunt Flyers yn 3e perioade

01 mrt 2014 - 23:04

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha op it eigen iis ek de twadde play-off wedstriid tsjin HYS Den Haach wûn. Nei de 4-3 Feanster winst op freedtejûn yn Den Haach, waard it no 8-6 foar de Flyers. It seach der lang net nei út dat de twadde winst helle wurde soe. Nei de 1-1 yn de earste perioade, wûn HYS de twadde perioade mei 4-1. Yn de lêste perioade foel alles op it goede plak. Sander Dijkstra, Joey Oosterveld, Andrew Krelove, Kevin Bruijsten, Brock Matheson en opnij Dijkstra soargen mei goals foar de machtige ûntknoping.

Sneintejûn is wedstriid trije, yn Den Haach.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)