Michel Mulder: earste NK goud

01 mrt 2014 - 22:35

Michel Mulder is der yn slagge om foar de earste kear Nederlânsk kampioen sprint te wurden. De twafâldich wrâldkampioen sprint en winner fan Olympysk goud op de 500 meter en brûns op de 1000 meter ried net syn bêste 1000 meter. De 1.11.49 wie goed foar it sechsde plak, mar ek genôch foar de titel. De winst op de lêste ôfstân wie foar Hein Otterspeer yn 1.10.72 en dêrmei klom er nei it twadde plak yn it einklassemint. Kjeld Nuis ried 1.11.03 op de lêste 1000 meter en pakte it brûns. Jan Smeekens waard 5e yn de einstân en Jesper Hospes 8e.

Sjoerd de Vries waard njoggende.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)