Sven Kramer diskwalifisearre

01 mrt 2014 - 21:18

Sven Kramer docht net mear mei oan it NK allround reedriden. Nei syn winst op de 5000 meter hat de sjuery him diskwalifisearre, omdat er in 'kick-finish' makke. De twafâldich Olympysk kampioen op de 5000 meter gong mei ien fan syn klapredens krekt fan it iis oer de einstreek. It wie amper te sjen, mar de redens moatte kontakt mei it iis hâlde.

Koen Verweij waard no ta winner útroppen en kin snein 'mei gemak' de titel binnenhelje. De teller by Sven Kramer bliuwt stean op fjouwer Nederlânske kampioenskippen.

Sven Kramer hat boppedat seis Europeeske titels en seis wrâldtitels op syn namme te stean.

Nei de 5000 meter waard ek Douwe de Vries út de útslach helle. Hy wie fiifde wurden en stie op itselde plak yn de tuskenstân. De Vries soe in bocht ferkeard riden hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)