Margot Boer op kampioenskoers

01 mrt 2014 - 17:13

Margot Boer hat ek de twadde 500 meter op it NK sprint wûn. Op it bûteniis fan it Olympysk Stadion yn Amsterdam ried de ynwenster fan Goaiïngaryp 39.00. Lotte van Beek waard twadde yn 39.36, Laurine van Riessen tredde yn 39.76. Mei de winst fergruttet Boer har foarsprong yn it klassemint. Jûn om njoggen oere ride de froulju de ôfslutende 1000 meter. Boer hat in foarsprong fan 1.11 sekonde op Van Beek en 3.17 op Ireen Wüst. Thijsje Oenema stiet fjirde. As Boer wint pakt se har fjirde nasjonale sprinttitel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)