Ritsma: wiis mei Stadionbaan

01 mrt 2014 - 12:50

Reedriders binne bot te sprekken oer de tydlike bûteniisbaan yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam. Dit wykein wurde dêr de nasjonale kampioenskippen sprint en allround hâlden. De sfear is gesellich neffens de sporters. It idee foar de baan op dit bysûnder plak komt fan âld-reedrider en âld-wrâldkampioen Rintje Ritsma. De Lemster is sels ek bliid mei de baan en fynt dat it goed útpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)