Fearboat fan EVT wer útfearn

De Spathoek, de fearboat fan de EVT, is sneon wer útfearn nei Skylge. Steatssiktaris Mansveld makke begjin dit jier in ein oan it kontrakt fan de Eigen Veerdienst Terschelling om't it rederij Doeksen tefolle yn it paad lei. De reder hat finansjeel bot lêst fan de konkurrinsje. De EVT begûn in juridyske proseduere en it gerjochtshôf yn Den Haach joech de Skylger rederij gelyk. En dus mei de Spathoek wer farre tusken Harns en Skylge. Op dizze oertocht gienen 160 minsken mei.