Nije eksposysjeromte Ogenblik

Troch de útslaande brân oan De Kelders yn Ljouwert ferline jier gie ek de ekposysjeromte Ogenblik yn flammen op. Acht keunstners eksposearren har wurk dêr en ferkochten it ek. Se sochten gau nei nije romte en fûnen dy oan de Twabaksmerk. Twa wike lyn is it nije ûnderkommen yn gebrûk naam en sneon is de offisjele iepening. De brân en de gefolgen meitsje noch altyd in soad los by de eksposanten.