Duo mishannele op fytspaad

01 mrt 2014 - 09:18

De plysje fertinkt in 24-jierrige ynwenner fan Beetstersweach fan mishanneling. De man soe twa plakgenoaten molesteard ha op in fytspaad tusken Drachten en Beetstersweach. Hy begûn har dêr neffens de slachtoffers út te daagjen en sloech de iene yn it gesicht en de oare mei in stien op 'e holle. De lêste moast syn ferwûnings troch in dokter behannelje litte. De fertochte is troch de plysje oppakt yn syn hûs en fêstset op it buro foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)