'Seehûnekresj wol ferhúzje'

Seehûn © ANP
De seehûnekresj fan Lenie 't Hart ferhuzet mooglik nei Lauwerseach. Dat seit de nije bestjoersfoarsitter fan de kresj, âld-steatssekretaris Henk Bleker, sneon yn it deiblêd Trouw. De kommende wiken sil der praat wurde mei de gemeente De Marne, dêr't Lauwerseach yn leit. Ek by de nije direkteur fan de seehûnekresj soe belangstelling wêze foar in ferhuzing nei Lauwerseach.
Ek yn 2009 wie der sprake fan in ferhuzing. Doe wienen Harns en Kollumerlân mooglike nije lokaasjes.