Winst Flyers yn Den Haach

© Nicolien Sijtsema
De UNIS Flyers hat de earste wedstriid fan de play-offs tsjin HYS Den Haach mei 4-3 wûn. De perioadestannen yn dizze útwedstriid wiene 0-1, 2-1, 1-2. De Feansters iepenen de skoare troch Levi Houkes. Nei twa skoares fan de thúsploech yn de twadde perioade makke Andrew Krelove de lykmakker. Yn de lêste tweintich minuten soarge Shawn Collymore mei twa treffers foar it beslissende gatsje. Yn de lêste minút kaam de einstân op it boerd. Yn it wykein treffe de beide ploegen inoar wer. Sneontejûn op It Hearrenfean, sneintejûn yn Den Haach.