Hearrenfean wint by Heracles

28 feb 2014 - 21:51

SC Hearrenfean hat de útwedstriid tsjin Heracles Almelo mei 2-1 wûn. De ploech fan Marco van Basten hie it yn de earste helte hiel dreech. Troch in prachtige frije traap fan Oussama Tannane kaam de thúsploech yn de 26e minút op foarsprong. Hakim Ziyech wie yn de 36e minút de oanjouwer, Marten de Roon de ôfmakker by de lykmakker. Yn de twadde helte soarge Alfred Finnbogason yn de 49e minút foar de Feanster foarsprong. Heracles besocht mei man en macht wer njonken Hearrenfean te kommen. Dat slagge net omdat Hearrenfean net yn 'e war rekke.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)